It alde doarp [Hoofd-afbeelding 4 van 340]  :: Ga naar  





'k Fûn lêst in âlde ansichtkaart
mei'n tsjerkje oan in klinkerpaad
in ploechje bern, yn 't sneinsk en skjin,
in bakkery, ús âlde feart
it seit jim, tinkt my, fierder neat
mar 't is dêr't 'k eartiids berne bin.

Us doarp, ik wit noch krekt hoe 't wie
de Piip, dêr 't Peije Rasp faak stie,
de tram dy 't ramm'le troch de buorren,
de Honnejoep, it merkelân,
it molkfebryk, it paad mei sân,
de feart, de boereskuorren,
de rige beammen lans Stasjonswei
Durksz' moune, dy 't noch draaie koe
As bern koe men dochs net betinke
dat alles sa feroarje soe.

De feart is der al lang net mear,
soms docht dat noch in bytsje sear,
gjin brêge is yn 't doarp mear oer.
Ek piip fan 't gas- en molkfebryk
makke men mei de grûn gelyk
wat bliuw is d' âlde tsjerketoer.

Nij is in grut gemeentehûs
fersjennings bin der by de rûs
de yndustry die syn fortuten.
Doe't Philips it yn Drachten fûn
skeaten febriken ût de grûn
ûs boeredoarp kaam op 'e kluten...
Mar nearne bin mear frijersleantsjes
omt men de Drait dêr bouwe koe..
As bern koe men dochs net betinke
dat alles sa feroarje soe...

'k Sjoch noch de lytse wentsjes stean
mei tûntsjes yn de simmerklean,
it hûske efter by de sleat.
Mar tiden komme, tiden gean
fan 't âlde bleauw net folle stean
dat seit moderne minsken neat.

Hwa hjoed de dei troch Drachten fljocht,
rotonde nei rotonde sjocht
mids rigen hege wenningblokken.
By al dy drokte fan 't ferkear
tink ik al tiden mear en mear
hoe hâlde wy it yn 'e stokken...:
d'ald Sûder- en de Noarderbuorren
de fémerk dêr 't men boartsje koe
As bern koe men dochs net betinke
dat alles sa feroarje soe...

As 'k no ris oer de Kaden gean
sjoch 'k dêr in hiel soad kroegen stean
mei drank en drugs en housemuzyk.
Ik wit wol, 't is in oare tiid
mar makket dat it minskdom bliid ?
It makket my wat melankelyk...

Harr'n pakes sjoch 'k noch bokje stean
en boartsjend troch de steechjes gean,
ik seach harr'n beppes toutsje springen.
It doarp fan doe, it is foarby
fan doetiids bleauw neat oer foar my
dan 'n ansicht mei foarbije dingen

De smoute hûskes aan de Dwersfeart,
dy feart dêr 't men yn fiskje koe
As bern koe men dochs nea betinke
dat alles sa feroarje soe...

Oersetting en bewurking: Roel Oostra
(Melodie: Het dorp, Wim Sonneveld)




  Vorige hoofd-afbeelding      Overzichtspagina      Volgende hoofd-afbeelding